jun
28
2018

Frysk Diktee 2018: In kleedsje yn de Prinsetún

Author // frits_tromp1
Posted in // JournalistFrits

It is tiisdeitejûn en twa jonge froulju sitte op it terras. De woelige stêd is fol leven. Auto’s jeie foarby, scooters gûnzje en ronkje, krykkrakjende fytsen ride troch read. Stimmen roezemuozje yn in skala oan talen. De fammen, hast tritigers, prate oer harren tiid op de middelbere skoalle.

It wiene oare lûden, dêr en doe. Moarns ier en betiid heardest se fan fierren oankommen. Swiere fytstassen fol mei kranten, ratteljend tsjin de speaken. Fan Wyns oer Lekkum op Ljouwert oan. De wyn dy’t rûsde, klysters dy’t songen, de opboarre brommer fan de buorjonge dy’t oer de smelle dyk jage.

Altyd wiene se tegearre. Mei in surfplanke efter de boat oan op ‘e Bonkefeart, gekjeie en skatterlaitsje. Op in kleedsje lizze yn de Prinsetún, wachtsje op neat, mar dreame fan alles. Twa dwersbongels dy’t skoaltsjeskûlje en sykje om ferdivedaasje yn de Doelesteech. Ta de nacht út dûnsje yn diskoteek Fire, oant it swit harren by de bealch del rint.

Jierren letter sitte se mei har twaen foar it kafee, hûndertfiifenfjirtich kilometer fan de Aldehou ôf. Mar ynienen liket er hiel tichteby. Se klinke elk mei in glês iiskâlde gin-tonic en beide witte se it: ‘Ienkear geane wy werom, dat ús bern it ek meimeitsje kinne.’ En dat giet troch, want wat in Fries yn ‘e kop hat, hat er net yn ‘e kont.

Tekst: Welmoed Sijtsma

Tags // , , ,

Trackback from your site.

Leave a comment

You must be logged in to post a comment.