Matthijs de Vries CU-listlûker
Matthijs de Vries út Ljouwert is troch it bestjoer fan ChristenUnie Fryslân foardroegen as listlûker foar de Provinsjale Steateferkiezingen fan takom jier. Dat hat de partij freedtejûn bekend makke op in partijbyienkomst yn Earnewâld.
De Vries is sûnt 2019 Steatelid foar de partij. Hy hat him de ôfrûne jierren benammen dwaande holden mei iepenbier ferfier, ynfrastruktuer, ekonomy, rekreaasje, toerisme en finânsjes en sport.
De seleksjekommissje fan de ChristenUnie neamt him in Steatelid mei ûnderfining. Hy hat draachflak yn de Steaten en dêrbuten. “Hij is enthousiast, wordt herkend en heeft een duidelijk profiel. Met hem wordt de continuïteit gewaarborgd.”
De leden fan de ChristenUnie moatte yn septimber noch wol stimme oer de foardracht fan Matthijs de Vries.
De ChristenUnie is net de earste partij dy’t foar de Steateferkiezingen syn listlûker bekend makket. Earder kamen de nammen fan Edou Hamstra (PvdA), Danny van der Weijde (D66) en Friso Douwstra (CDA) al nei bûten. By de BoerBurgerBeweging is Femke Wiersma de beëage listlûker.
Bron: Omrop Fryslân
Tags // 2019, 2023, BoerBurgerBeweging, CDA, ChristenUnie, ChristenUnie Fryslân, D66, Danny van der Weijde, Danny van der Weijde (D66), Edou Hamstra, Edou Hamstra (PvdA), Femke Wiersma, Friso Douwstra, Friso Douwstra (CDA), Fryslân, Matthijs de Vries, Provinciale Statenverkiezingen, Provinciale Statenverkiezingen 2023, PS2023, PvdA
Trackback from your site.