Sytse Jansma
Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen.
Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner.
Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich. Hy publisearret û.o. yn literaire tiidskriften as De Revisor, De Moanne en Ensafh. Hy wûn al 4 kear de Rely Jorritsmapriis foar syn gedichten en hat optreden op ferskate festivals, yn bygelyks Grins en Ljouwert, mar ek Kenia.
Yn syn poëzy is meartaligens in belangryk tema. Syn wurk kin karakterisearre wurde as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. De relaasje tusken persepsje en taal komt faak werom yn syn gedichten, mar ek syn pasje foar reizgjen, muzyk en byldzjende keunst spilet in grutte rol. Hy kombinearret ek graach syn wurk mei oare keunstfoarmen. Sa skreau er de tekst foar de teätrale audiokuier “It gelok fan Fryslân” fan Tryater yn 2020 en is krekt syn nijste projekt “Sprekende Stenen”, in gearwurking mei oare skriuwers en keunstner Ineke van der Blom, iepene yn Ljouwert.
Hy wurket no oan syn earste Nederlânsktalige dichtbondel dy’t yn 2023 ferskine sil by útjouwerij AtlasContact.
Tags // 1980, 2008, 2015, 2018, 2019, 2020, 2021, 2022, 2023, 26 september, 26 september 2022, 27 september, 27 september 2022, AtlasContact, Brussel, Cornelis van der Wal, Cornelis van der Wal (2021), Elmar Kuipers, Elmar Kuipers (2019), Europeeske Dei fan ’e Talen, Janneke Spoelstra, Janneke Spoelstra (2018), Nyk de Vries, Nyk de Vries (2020), Rely Jorritsmapriis, september 2022, Sytse Jansma, Sytse Jansma (1980), Transpoesie Poëzyfestival
Trackback from your site.